Aksje Jousters tsjin supermerk

14 des 2006 - 12:21

De winkeliersferiening Joure ropt alle ynwenners op om tsjin de komst fan in supermerk oan de Borgerstrjitte te stimmen. De winkellju ha dat woansdei frege yn in grutte advertinsje yn de Jouster Krante. De winkel moat komme op in drokke hoeke fan De Jouwer.

De winkellju binne benaud dat it ferkear fan en nei it sintrum fan De Jouwer folslein fêstrint. Ek soene der gefaarlike situaasjes foar fuotgongers en fytsers ûntstean kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)