Brok net bliid mei 'Den Haag'

Tongersdei is yn de Twadde_Keamer it debat oer it kompromis fan it kabinet oer it útsetten fan asylsikers dy't langer as fiif jier yn Nederlân binne. Foarearst wurde benammen asylsikers- gesinnen mei bern dy't net útset. Foarsitter Brok fan VVD-Fryslân is net bliid mei de situaasje.
It kabinet fergadere woansdei de hiele dei oer de moasje fan ôfkeuring tsjin minister Rita_Verdonk. Yn it kompromis bliuwt se dochs sitten.