Aris klimt nei fyfde plak

© Omrop Fryslân
Basketbalklub Aris hat woansdeitejûn mei 83-68 wûn fan Weert. Nei it earste kwart hie Weert noch in foarsprong fan ien punt, mar yn 'e rêst kamen de Ljouwerters foar mei 46-35. Yn it tredde kwart kaam Weert hast wer gelyk, mar yn it lêste kwart wie it hurd dien mei Weert.
Topskoarder foar Aris waard Lawrence Hamm mei 23 punten. Aris stiet no dield fyfde mei 14 punten út 15 wedstriden.