Lêste kear teater yn Cine Sneek

© Omrop Fryslân
Snitsers moatte foarearst troch de tiid sûnder eigen teater. Woansdei wie de ôfskiedsjûn foar it teater yn Cine Sneek yn Snits. Willeke_Alberti wie de lêste offisjele artyst. Se trede op foar in útferkocht hûs.
Der komt wol in nij teater yn Snits, mar dat duorret noch op syn minst twa jier, sa is de ferwachting. Cine_Sneek hâldt op mei teater omdat it net genôch minsken lûkt.