Jeugdsoarch: te min gearwurking

© Omrop Fryslân
Organisaasjes yn de Fryske jeugdsoarch wurkje te min meiïnoar gear. Dat is de konklúzje fan petearen fan de provinsje mei dy organisaasjes yn de ôfrûne dagen.
It is te faak sa dat organisaasjes net witte wa't ferantwurdlik is foar in jongere dy't by meardere ynstânsjes yn byld is. Deputearre Ploeg prate dêrom twa dagen mei fertsjintwurdigers út de jeugdsoarch. Der is no in wurkgroep ynsteld foar in bettere gearwurking.