Oerlêst: buerthûs moat ticht

13 des 2006 - 12:48

De gemeente Ljouwert wol it buerthûs Tjerk Hiddes yn Ljouwert slute. Al ferskate kearen hawwe der by feesten yn it buerthûs fjochtpartijen west. Ek krijt de gemeente geregeld klachten oer lûdsoerlêst. De oerlêst spilet al in pear jier, benammen by de Hollânske middeis, dy't sneintemiddeis hâlden wurde.

De bestjoersleden krije woansdei fan it buerthûs de kâns om tsjin it beslút fan de gemeente yn te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)