Soad veelplegers yn Ljouwert

13 des 2006 - 11:49

Ljouwert hat de measte saneamde veelplegers fan de grutte stêden yn Nederlân en it wurde der hieltyd mear. Op alle 10.000 ynwenners hat Ljouwert 13 veelplegers, wylst dat sifer yn Grins 10 en yn Rotterdam 12 is. Amsterdam hat nei ferhâlding de helte veelplegers minder. Yn 2002 wiene der yn Ljouwert 106 minsken dy't faker as twa kear yn it jier oppakt wurde, ôfrûne oktober wiene it der 317.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)