Mear gearwurking 4 gemeenten

13 des 2006 - 11:29

De Middelseegemeenten sille har ûnderlinge gearwurking fersterkje. Dat hawwe de rieden fan de fjouwer gemeenten tiisdeitejûn besletten. It giet dan om Menameradiel, it Bilt, Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel.

De gemeenten sille mienskiplik belied meitsje foar saken as lânbou, leefberens, rekreaasje, toerisme en ekonomy. Op termyn sille hieltyd mear gemeentlike ôfdielings gearwurkje, mar de gemeenten bliuwe wol selsstannich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)