Snits beneamt tsien monuminten

13 des 2006 - 10:14

De gemeente Snits hat der tsien monuminten by. It giet om gebouwen út de perioade 1850 oant 1940, dy't stean oan it Grootzand, de Markstraat, Peperstraat, it Schaapmarktplein en de Stationsstraat. De tsien binne de earsten fan in flinke útwreiding fan tal gemeentlike monuminten yn Snits.

Boargemaster en wethâlders wolle it kommend jier nochris sa'n 35 gebouwen oanwize. It tal monuminten yn Snits wurdt dêrmei ferdûbele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)