Flink tekoart foar Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert foarsjocht no al in tekoart fan hast oardel miljoen euro foar 2008. Neist in ekstra útjefte fan fiif ton oan de stedswachten, krijt de stêd yn 2008 ek acht ton minder fan it Ryk.
Der komt minder jild út Den Haach omdat de wearde fan de wenten yn Ljouwert flink omheech gien is. Der kin dêrtroch neffens it Ryk mear belêstingjild binnen helle wurde. Ljouwert hat lykwols earder besletten om de OZB-tariven net te ferheegjen.