Sweeftrein Drachten ôffierd

12 des 2006 - 17:14

Yn Drachten is tiisdei de sweeftrein op in frachtwein takele. Doel is de trein werom te bringen nei Dútslân ta. De Aldjiersploech fan De Folgeren hie de trein yn 2000 nei Drachten helle mei tastimming fan eigner Siemens.

No't dêr gjin draachflak mear foar de sweeftrein is, kin de trein fan de gemeente wol fuort. De FNP, tsjinstanner fan de sweeftrein, wie derby om de bliidskip sjen te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)