Húshâlding easket nije hierwente
In famylje yn Stiens easket in oar hierhûs en skeafergoeding omdat it hûs dat se no hiere, grutte mankeminten hat. De húshâlding mei twa bern wennet trije jier yn de Dr. Wumkesstrjitte. Dêr sit skimmel en focht op de muorren, en is de flier ferrotte en dêr krije se lêst fan mei de sûnens.
Klachten by wenningboukorporaasje Woonbedrijf Noord hawwe oant no ta neat opsmiten.