Strafeask tsjin Doanjumer

12 des 2006 - 13:56

Tsjin in man út Doanjum (46) is twa jier sel en TBS mei twangferpleging easke. Hy moat ek 5000 euro smartejild betelje oan twa fan syn slachtoffers.

De man hat syn soantsje skopt en slein en sigretten op him útdrukt. Hy soe fierders sân sedemisdriuwen pleegd hawwe. Sa soe er ûnder oare mei twa styfsuskes fan 4 oant 10 jier seksuele hannelingen útfierd hawwe. De fertochte ûntkent alles. De útspraak is takom wike tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)