Koen Brack wer by Cambuur

12 des 2006 - 12:57

Fuotballer Koen Brack is mei yngong fan 1 jannewaris wer spiler fan Cambuur. De ferdediger tekenet in kontrakt foar 2,5 jier yn Ljouwert. Brack spile earder twa seizoenen foar Cambuur. Op 31 desimber wurdt syn kontrakt mei FC Kärnten ûntbûn.

Cambuur besiket ek om oanfaller Marinus Dijkhuizen fan Excelsior te hieren. Dijkhuizen spile earder trije seizoen foar Cambuur. Ek hy soe op 1 jannewaris by Cambuur begjinne moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)