Huismans foar 18.000 euro feild

12 des 2006 - 12:15

Trije wurken fan Jopie Huisman hawwe moandei by in feiling yn Drylts goed 18.000 euro opbrocht. It giet om twa akwarellen en in tekening út 1975 fan de Warkumer skilder. De akwarellen waarden rûsd op in pear tûzen euro, mar dat waard folle mear.

Der wiene trijehûndert belangstellenden yn feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts. Op de sjochdagen kamen trijetûzen minsken ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)