Fryske ynbring Nijjiierskonsert?

12 des 2006 - 10:55

Twa Fryske bern sitte yn de finale fan it Nijjierskonsert fan it Nederlânsk Blazersensemble. It giet om Rudie Ros (9) fan Rinsumageast en Loes Dooren (16) fan út Marsum. Ros hat in komposysje makke foar elektryske gitaar en Dooren foar fioele.

Foar de kompetysjewedstriid binne tolve finalisten útkeazen. Fjouwer gean troch. Sy meie yn it Konsertgebou yn Amsterdam meidwaan oan 'e útfiering fan it Nijjierskonsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)