Mear tsjerken foar jongerein

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt der meikoarten twa nije tsjerken foar jongerein by. Yn Snits begjint it yn jannewaris en Frjentsjer, Tsjom en seis oare doarpen wolle meikoarten ek proefdraaie. Dermei komt it tal jeugdtsjerken yn Fryslân op tolve.
De tsjerken wolle de jeugd mear by it leauwe belûke. De earste jeugdtsjerke sette twa jier ferlyn yn Dokkum út ein. Dêr sitte alle wiken 600 jongeren by de spesjale tsjinst.