Museumhaven wer stapke tichterby
Yn de Ballumerbocht by Amelân moat in museumhaven foar âlde rêdingsboaten komme. De Stichting Museumhaven Zeemanshoop yn oprjochting hat dêr by de gemeente Amelân in fersyk foar yntsjinne.
De haven moat geskikt makke wurde foar âlde partikuliere rêdingsboaten. Yn de riedsgearkomste fan 18 desimber beslist de ried oer de plannen. De riedsleden binne fol lof oer it inisjatyf.