Brân yn appartemintehotel

12 des 2006 - 10:21

De brânwacht fan Skiermûntseach moast moandeitejûn yn aksje komme foar in brân yn appartemintehotel Noderstraun. Dêr wie in waskmasine yn de brân flein. In attinte gast seach reek út de waskromte en belle 112.

De trije apparteminten dy't yn gebrûk wiene, binne út foarsoarch ûntromme. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Nei't der fentilearre wie, mochten de gasten werom nei it appartemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)