Mear swakke skoallen yn Fryslân

It tal swakke skoallen yn Fryslân is fierder groeid. De ûnderwiisynspeksje hat fiif nije skoallen op de swarte list set. Lanlik binne der 83 skoallen neffens de ynspeksje 'zeer zwak', dêrfan steane der no 17 yn Fryslân.
De skoallen dêr't it om giet binne de Wybrandiskoalle yn Aldehoarne, De Streek yn Tsjalbert, De Lytse Terp yn Minnertsgea, de Pikeloer yn Wiuwert en It Ambyld yn Drachten. De Ljouwerter Michaëlskoalle is fan de list ôfhelle.