Sweeftrein wer nei Dútslân ta

11 des 2006 - 16:14

De magneetsweeftrein dy't de lêste sân jier foar it Adverium yn Drachten stie, wurdt werom brocht nei Dútslân ta. De gemeente fûn dat de trein dêr net mear op syn plak wie no't de polityk al lang net mear leaut yn de komst fan de trein yn dizze foarm.

Produsint Siemens is eigner fan de magneetsweeftrein. De âldjiersploech Frijstaat Folgeren slagge der by de jierwiksel fan 1999 en 2000 yn om de trein nei Drachten ta te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)