Byld Marskamer yn De Jouwer

11 des 2006 - 13:04

Yn it sintrum fan De Jouwer komt yn it nije jier in byld fan in Marskramer te stean. It byldsje moat 540 jier merkrjocht foar de Jouster Merk betinke. Eartiids wie it gebrûklik dat de Fryske Steaten rjocht op in merk ferlienden oan in stêd of doarp.

It byldsje is 80 sintimeter heech en is makke troch keunstner Evert van Hemert. De Marskramer wurdt yn jannewaris pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)