Nieuw Rechts wol Steaten yn

11 des 2006 - 11:23

De politike partij Nieuw Rechts Friesland wol yn maart meidwaan oan de Fryske Steateferkiezings. Henk David van der Heide út Ljouwert is listlûker. Oer oare kandidaten is noch neat bekend. De partij moat noch wol tritich hantekenings sammelje yn it kiesdistrikt Fryslân.

De partij hat as spearpunten in hurde oanpak fan kriminele frjemdlingen, gjin gemeentlike weryndielings en betelber iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)