'Betelje needhelp asylsikers'

Wethâlder Sluiter fan Ljouwert
Fryske gemeenten dy't noch net in soad meibetelje oan de needhelp foar útprosedearde asylsikers, moatte dat al dwaan. Dy oprop dy wethâlder Sluiter fan Ljouwert snein op de manifestaasje Een Genereus Pardon. Ek rôp hy CDA'ers op om de kwestje by de lieding yn Den Haach oan te kaarten.
Op de manifestaasje kamen goed 400 minsken ôf. De middei waard ôfsluten mei it oerlangjen fan in tal ferhalen fan útprosearde asylsikers.