ONS bestjoer stapt op

© Omrop Fryslân
It bestjoer van sneonshaadklasser ONS út Snits stapt kommende woansdei op. Se docht dit fanwege in neiheffing fan 'e belesting oer de jierren 2001 oant 2005. It besjoer achtet de stap nedich om op dizze wize sjen te litten dat se ferantwurdlik is foar it belied yn dy jierren.
ONS is al yn petear mei de belesting oer in oplossing foar de neiheffing. De klub hopet gau in akkoard slute te kinnen.