Revalidaasje Fryslân oer op hout

© Omrop Fryslân
In grut tal gebouwen fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach wurde yn de takomst mooglik ferwaarme troch in hiel grutte houtferbrânings-ynstallaasje.
De ynstallaasje besparret likefolle gas as in jier nêdich is om 150 húzen waarm te stoken. It hout kin út de omkriten fan Beetstersweach komme. De hiele ynstallaasje kostet 650 tûzen euro en moat yn de twadde helte fan 2007 draaie.