Súkses foar bobslider Jansma

Bobslider Edwin van Calker is snein as tredde einige yn syn fjouwermansbob by de Europa Cup yn Konigssee. Ien fan de remmers yn it team fan Van Calker is Sybren Jansma fan De Pein.
It súkses kaam as in grutte ferrassing foar de ploech. Van Calker makke oant no ta trije wedstriden mei yn in fjouwermânsbob. Takom wike docht de ploech mei oan de Europa Cup yn Itaalje. Yn jannewaris dogge se mei yn it wrâldbekersirkwy.