Ferlies foar SCO en Mid Fryslân

10 des 2006 - 16:23

Yn de haadklasse A fan it kuorbal hawwe SCO en Mid Fryslân snein beide ferlern. SCO ferlear thús mei 17-16 fan VADA 1925 út Wageningen. Benammen oanfallend gie it yn de earste helte net goed mei de ploech út Aldeholtpea. De skoftstân wie 6-9. Yn de twadde helte kaam SCO noch wol werom, mar úteinliks waard it 16-17 foar VADA.

Mid Fryslân, de oare Fryske haadklasser, ferlear mei grutte sifers fan ROHDA Amsterdam: 23-12.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)