Telefoanrôf yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneintemoarn berôve fan syn telefoan yn de Poststrjitte. In ûnbekende frou griste him de telefoan út de hannen. De frou siet by in man achterop de fyts.
De frou hie in tinte hûdskleur en donker kroljend hier. Se hie in ljocht kleurde broek oan. De man op de fyts hie ek in tinte hûdskleur, en wie donker klaaid. Njonken har fytste noch in oare man, ek mei in tinte hûdskleur.