Opsetlike oanriding Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Op it Golfpaad op It Hearrenfean hat sneontejûn in opsetlike oanriding plakfûn. In automobiliste (33) út Aldskoat koe krekt dêrfoar op in rotonde op De Zanden krekt in oanriding foarkomme.
In temjittekommende auto ried tsjin de rydrjochting yn. De frou stapte út de auto omdat se ferhaal helje woe by de bestjoerder. Dy ried lykwols op de frou yn. Se hie twa pynlike knibbels. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.