Brânstifting yn Dokkum

10 des 2006 - 14:42

De plysje siket tsjûgen fan in brânstifting sneontemoarn op De Doelen yn Dokkum. In krantebesoarger seach dat trije ôffalkonteners yn de brân stiene en warskôge de plysje.

Dy hie de brân gau út, mar koe net foarkomme dat der skea ûntstie oan boechdielen en in ôfsûchynstallaasje fan in njonkenlizzende hoarekagelegenheid. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen. Dy kinne belje op nûmer 0900 - 8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)