Mishanneling yn Ljouwert

10 des 2006 - 14:39

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in ynwenner (22) fan Sint Anne en in Ljouwerter (21), sneontemoarn betiid op de Nijstêd. De twa wiene om noch ûnbekende reden troch in groep slein en skopt.

Troch tsjûgeferklearrings koene koart dêrnei fjouwer Ljouwerters (trije fan 21 en ien fan 20 jier) yn in hoarekagelegenheid yn de Doelesteech oanhâlde. Se binne ynsletten yn it plysjeburo foar ferhear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)