Kreakers boppe skuonwinkel

© Omrop Fryslân
In groep kreakers hat de ferdjipping boppe skuonwinkel Van Haren oan de Nijstêd yn Ljouwert kreake. Freedtejûn binne de kreakers yn de wenning lutsen, dy't al jierren leechstiet. Se binne fan doel om der langere tiid te bliuwen.
De kreakers komme krekt út in oar kreakpân yn de stêd. Dat gebou wurdt ynkoarten ferboud. It winkelpersoniel hat wol wat fernaam fan de kreakers, mar hat der net in soad lêst fan.