Evaluaasje ferljochtingsproef

© Omrop Fryslân
De gemeente It Hearrenfean wol fan de ynwenners fan Skoatterwâld witte hoe't in proef mei iepenbiere ferljochting foldien hat. Bewenners fine dat der no tefolle iepenbiere ferljochting is en dat it ljocht somtiden te bot yn de huzen skynt. De gemeente hat de klachten mei de wykried bepraat.
Op guon plakken stean no oare lampen en op oare plakken giet de ferljochting út. De gemeente wol de proef no mei de bewenners evaluearje.