Underskiedings yn Surhuzum

© Omrop Fryslân
Trije leden fan brassband Excelsior út Surhuzum binne sneon ûnderskieden troch de Nederlandse Federatie van Christelijke Muziekverenigingen. Dirigint Erik van der Veen krige in gouden ynsigne. Foar bassist Johannes Postma wie der in sulveren ynsigne en syn kollega-bassist Durk Visser krige in gouden spjelde mei safier.
De ûnderskiedings waarden útrikt by in konsert fanwege it 95-jierrich bestean fan Excelsior.