Striid oer strepen Boalsert

© Omrop Fryslân
De nije parkearstrepen op de Turfkade yn Boalsert passe net yn it beskerme stedsgesicht. Dat seit it CDA yn Boalsert. Neffens de partij binne ek omwenners net bliid mei de gong fan saken en hat de gemeente it wurk yntusken stillein.
It wie de bedoeling fan de gemeente om mei de wite strepen op goedkeape wize ekstra parkearplakken oan te lizzen. It CDA wol dat de strepen wer fuorthelle wurde.