Angenent wint yn Thialf
Henk Angenent hat sneon yn Thialf de maraton foar de Essent Cup wûn. Hy fersloech yn de einsprint Bertjan van der Veen fan De Jouwer. De twa hiene in ronde foarsprong op it peloton. Tredde waard Juffermans.
Jan Maarten Heideman giet nei tsien maratons oan de lieding yn it klassemint. Hy hat in strjitlingte foarsprong op de rest.