Balstjurrige man oanholden
De plysje hat sneon yn Ljouwert in Burgumer fan 33 jier oanholden. De fertochte joech in klap tsjin in plysje-auto dy't foarby ried.
Doe't de plysjes de man dêr op oansprutsen, wegere er syn namme te jaan. Hy fersette him tsjin syn oanhâlding en besocht in plysje te slaan. Op it buro misledige er in plysje. De man hat proses-ferbaal krigen.