UPC-gebou grienste fan it lân

It kantoar fan UPC yn Ljouwert is it grienste gebou fan Nederlân. Dat is woansdei by de iepening fan it nije UPC-ûnderkommen yn Ljouwert bekind makke. De húsfesting fan UPC hat as earste yn Nederlân it saneamde Breeam-sertifikaat krigen. Hjirby wurdt op tal fan punten besjoen hoe duorsum in nij gebou is.
It UPC-gebou sit fol mei enerzjyfreonlike tapassings. Der sitte sinnepanielen op it dak en der wurdt reinwetter brûkt foar it trochspielen fan de húskes.