Rêders hynders Marrum huldige

De hynders dy't rêden binne fan in dobbe by Marrum meitsje it goed. In pear jonge hynders krije noch medisinen om't se ferkâlden binne. Dat seit eigner Piet Lootsma. Hy wie juster te gast op in betankjûn foar alle minsken dy't meiholpen hawwe de hynders by Marrum te rêden.
Tsientallen meiwurkers fan brânwacht, Fryske Gea en plysje wiene op it betankfeestje yn it gemeentehûs fan Ferwert oanwêzich.