Ferkeap hotel Ozinga giet oer

08 des 2006 - 17:16

De ferkeap fan Hotel Ozinga yn Snits oan ABC Vastgoed giet net troch. In pear wike lyn is de keap noch grut fierd troch de gemeente Snits. Eigner fan Hotel Ozinga is Corporaasje Holden Fryslân út Grou. Doe't se dêr fan it feest hearden, wiene se ferbjustere.

De ferbazing wie lykwols noch grutter doe't se by de Korporaasje hearden dat hoareka-útbater Reen út Snits beslach lein hat op Hotel Ozinga. Tiisdei tsjinnet dêroer in koart pleit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)