Skjinmeitsjen Leijen ôfsletten

08 des 2006 - 17:07

De wurksumheden om it wetter yn de Leijen by Drachten skjinner te krijen binne freed offisjeel ôfsletten. Yn trije jier is in soad baggere, binne alve nije eilantsjes oanlein, is in rioelsuvering ôfkeppele en noch mear.

De Leijen is in proefgebiet foar de strenge Europeeske Kaderrjochtline Wetter. De provinsje Fryslân hâldt de natuer en wetterkwaliteit fan de Leijen yn 'e gaten. De resultaten wurde pas oer in pear jier dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)