Talant fermealt dominostiennen

08 des 2006 - 13:29

It is topdrokte by de keunstof- meallerij fan Talant op De Gordyk. De 8 meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenning moatte yn in moanne tiid 4 miljoen dominostiennen fermealle ta keunstofkorrels.

De dominostiennen binne brûkt by Domino Day yn it WTC Expo yn Ljouwert. Ferline wike waarden by de sosjale wurkfoarsjenning 107 grutte pûden ôflevere dy't grôtfol sieten mei dominostiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)