SBS lûkt stekker net út maraton

08 des 2006 - 11:19

Stjoerder SBS 6 hat tasein de stekker foarearst net út it maratonreedriden te heljen. Wol komt der in wurkgroep om de útstjoerings in positive ympuls te jaan. Dat is de útkomst fan it oerlis tusken alle partijen dat tongersdeitejûn plakfûn.

De groep moat der foar soargje dat de sjochsifers, dy´t oant no ta ôffalle, better wurde. Stjoerder SBS 6, reedridersbûn KNSB, sponsoaren (VMS) en maratonriders foarmje de wurkgroep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)