Jonge fandalen oanholden

© Omrop Fryslân
Trije jonges fan It_Hearrenfean wurde fertocht fan fandalisme. Aginten seagen dat in groepke jongeren dwaande wie om in krystbeam los te wrikken. Dat barde op de Micnkelerstraat op It Hearrenfean. Ek besochten jongeren om op ´e luif fan in winkel te klimmen.
Doe´t de plysje deroan kaam, spatte de groep út elkoar. Nei in koarte achterfolging hâlde de plysje trije jongeren oan. It giet om jonges fan 17, 18 en 19 jier.