650 Kollumerlanners nei H'fean

© Omrop Fryslân
Kollumerlân is de earste gemeente dy't meidocht oan de aksje 'vul je vak' fan Sportklup Hearrenfean. 650 ynwenners fan de gemeente meie freed nei de thúswedstriid tsjin Roda JC. Yn in spesjale krante is de ynwenners frege om te reagearjen. De belangstelling wie sa grut dat der lotte wurde moast om de kaarten te ferdielen.
De 650 ynwenners fan Kollumerlân gean mei 13 bussen nei it stadion. De motorplysje soarget foar begelieding.