Snitser feest nei jier ôfrûn

08 des 2006 - 10:07

Tongersdei is in ein kaam oan in jier lang feest yn Snits. Mei ferskate aktiviteiten waard it ôfrûne jier fierd dat de stêd 550 jier lyn syn stedsrjochten krige.It jier waard ôfsluten mei it bekend meitsjen fan de twa winners fan de poëzijwedstriid.

De gedichten fan de twa winners, Marcel van der Meulen en Wietske Krist, binne op stiennen set en lizze yn de binnenstêd. Dy fan Marcel (11) leit by de Wetterpoarte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)