Aris wint twadde kear op rige

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn foar it earst dit seizoen in twadde oerwinning efter inoar helle. Ofrûne sneon wûnen de Ljouwerters fan Leiden. Dit kear waard Omniworld mei grutte sifers ferslein. It waard 92-70.
Benammen de earste helte en in lêste kwart wiene poerbest. By rêst wie it ferskil al achttjin punten. Aris stiet no sechde mei tolve punten út trettjin wedstriden.