Spul oer transfer Sulejmani

07 des 2006 - 14:51

De transfer fan de Servier Miralem Sulejmani nei SC Hearrenfean bringt noch wat swirrichheden mei him mei. Syn âlde klub, Partizan Belgrado, wol in transfersom foar de oergong. Omdat Sulejmani gjin kontrakt hie by Partizan, wol Hearrenfean allinnich opliedingskosten betelje. De FIFA moat no útslútsel jaan oer it skeel.

Neffens Hearrenfean-foarsitter Koos Formsma komt it allegear goed en spilet Sulejmani nei de winter yn it Fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)