GGD: Helte Friezen is te dik

© Omrop Fryslân
De helte fan alle Friezen boppe de 19 jier is te dik. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan de GGD Fryslân. Mear as 10.000 minsken ha der oan meidien.
Yn 1998 wie ien op de trije Friezen te dik, no de helte. De GGD nimt maatregels om hjir wat oan te dwaan. Sa wurde de supermerkrûnliedings organisearre. Minsken dy't boadskipje kinne dan begelieding en ynformaasje krije oer sûn iten.